Stedhûs Frjentsjer faker iepen

11 apr 2008 - 10:01

De gemeente Frjentsjerteradiel komt mei yngong fan moandei mei nije iepeningstiden fan it gemeentehûs yn Frjentsjer. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de minsken graach ek bûten de kantoartiden om op it gemeentehûs terjochte wolle.

De baly's geane tenei in heal oere earder iepen om healwei njoggenen. Woansdeis is de ôfdieling boargersaken iepen oant 7 oere jûns. Tillefoanysk in ôfspraak meitsje kin ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)