Stedhâlderlik Hôf ferkocht

10 mrt 2003 - 00:00

It Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert wurdt ferkocht. Van der Reijd út Zwolle hat it oernommen fan stichting Monuminten Fryslân. Dy hat gjin jild mear foar de hege ûnderhâldskosten.

Van der Reijd is ek al eigner fan it stedslozjemint yn Boalsert en Huize Veenwijk yn Aldskoat. Neffens de nije eigner kin it hôf troulokaasje en hotel-restaurant bliuwe. Theo Douma sil him weromlûke as eksploitant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)