Stêden pakke grêftswetter oan

30 jan 2002 - 00:00

De wetterkwaliteit fan de grêften yn Ljouwert en Snits moat ferbettere wurde. De gemeenten wurkje hjirfoar gear mei seis oare stêden yn Europa. Neist it baggerjen fan fersmoarge slyk sil mei moderne techniken it wetter skjinner makke wurde. Mei membranen wurdt it loazingswetter suvere.

Yn de stêden komme mjitpunten dêr't it publyk sjen kin hoe skjin it wetter is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)