Stêd dreech foar swier ferkear

13 sep 2000 - 16:30

Ljouwert is net geskikt foar swier frachtferkear om de winkels te befoarriedzjen. Dat is ien fan de konklúzjes út in ûndersyk dat de gemeente Ljouwert útfiere litten hat.

It gemeentebestjoer wol dêrom foar grutte produkten ta op in saneamd stedsdistribúsjenet. Klanten kinne dan yn de winkels guod útsykje en har oankeap op in oar plak ophelje of besoargje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)