Stêd akkoart mei ferkearsplan

12 feb 2003 - 00:00

De ried fan Ljouwert is tiisdei akkoart gien mei it gemeentlik ferkears- en ferfiersplan. Dêrmei stiet it ferkearsbelied fan de Fryske haadstêd yn grutte halen fêst. Details moatte noch neier ynfold wurde.

It is noch ûndúdlik oft de ferdûbeling fan de rûnwei trochgiet. Dêr moat yn de takomst noch in beslút oer nommen wurde. Minsken fan de aksjegroep Wij zijn het zat, dy't tsjin de ferdûbeling is, wie ek by de stimming oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)