Steatssiktaris Van Rijn foar besite nei It Hearrenfean

05 jun 2015 - 17:23
  • Steatssiktaris Martin van Rijn

Steatssiktaris Martin van Rijn fan folkssûnens komt moandei op It Hearrenfean om te sjen hoe't de nije opset fan de soarch wurket. Van Rijn sil mei minsken prate dy't soarch krije, mar ek mei ferpleechkundigen, mantelsoargers en bestjoerders. De steatssiktaris wol fan se hearre wat foar regels der binne dy't wol ôfskaft wurde kinne, omdat dy in goeie soarch yn it paad stean. De besite fan Van Rijn oan It Hearrenfean is ûnderdiel fan in searje besites troch hiel Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)