Steatssekretaris Sharon Dijksma siket nei oplossing mûzeskea

27 jan 2015 - 11:15
  • Steatssekretaris Dijksma wol sykje nei in oplossing foar de mûzeskea
  • Mûzeskea
  • Schilstra jr. hâldt in mûs omheech

Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken wol mei har Europeeske kollega's oerlizze oft it mooglik is om de regels soepeler te meitsjen foar boeren dy't dupearre binne troch de mûzen. Dat hat Dijksma tiisdei yn Follegea sein. De steatssiktaris wol ûnder oare besykje om de termyn foar it skuorren fan it lân op te rekken. Ek soe sjoen wurde moatten nei de regels foar it útriden fan dong.

Dijksma wol ek foar de lange termyn nei in oplossing sykje. Dit moat yn in plan fan oanpak komme te stean.

De steatssekretaris tinkt dan ûnder oare oan in fersekering. It ministearje wol dêrfoar it inisjatyf nimme en der ek jild yn stekke. De provinsje en LTO sizze bliid te wêzen dat it probleem ek yn Den Haach no serieus naam wurdt. De boeren binne tefreden mei de reaksje fan de steatssekretaris, mar fine it wol spitich dat der net in pûde mei jild oan hinget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)