Steatssekretaris: 'neat mis mei fersûpen mûzen'

12 mrt 2015 - 07:39

Der is neat mis mei it fersûpen fan mûzen troch de boeren yn Fryslân. Dat seit steatssiktaris Sharon Dijksma fan ekonomyske saken en lânbou yn har antwurd op keamerfragen fan Marianne Thieme fan de Partij voor de Dieren. Dy hat beswier tsjin wat sy de 'fersûpmasine' fan de boeren neamt. Neffens Dijksma meie grûneigeners wat dwaan oan de mûze-oerlêst, dy't foar in soad skea soarget.

It bart neffens Dijksma yn de natuer ek regelmjittich dat mûzen fersûpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)