Steatsried te set oer Teatertún

01 feb 2006 - 12:46

De gemeente Gaasterlân-Sleat stapt nei de Raad van State om in beslissing fan de provinsje oer de Teatertún yn Riis oan te fechten. De provinsje fynt dat grutskalige muzykeveneminten net kinne omdat de teatertún neist de Rysterbosk leit. Derneist hawwe in pear omwenjenden fan de tún protestearre tsjin de lûdsoerlêst by foarstellings.

De gemeente wol fia de Raad van State witte wat no krekt wol en net yn de teatertún organisearre wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)