Steatsrie praat oer beamkap

25 feb 2010 - 16:32
  • Ympresje fan 'e nijbou yn it park

De Rie fan Steat hat him tongersdei bûgd oer de beamkap yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach. Wenningboukorporaasje Elkien krige ferline wike fan de rjochter grien ljocht om los te gean mei de kap. Op it plak moatte nije wenten komme.

Platfoarm Leefber Beetstersweach tsjinne dêrop in skorsingsfersyk yn by de Steatsrie. De bosk soe in grutte kultuer-histoaryske wearde hawwe en der soene bysûndere bisten en planten wêze. De útspraak is takom wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)