Steatsekretaris Dijkhof slacht útnoeging SC Hearrenfean ôf

28 maaie 2015 - 11:15
  • Steatssekretaris Klaas Dijkhof

Steatssekretaris Klaas Dijkhof is tongersdeitejûn net by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Vitesse. Hearrenfean hie Dijkhof útnoege omdat de klup him ynset foar in Armeenske famylje dy't nei jierren yn Nederlân drige wurdt mei útsetting. Frou Nazan Sahakyan fangt al jierren jonge spilers fan de fuotbalklup op.

De steatssekretaris hat yn in reaksje tsjin de klup sein dat er in beslút naam hat. Hy wachtet no de útspraak fan it heger berop fan de famylje tsjin de útsetting ôf en sjocht gjin oanlieding fierder 'kennis te nimmen' fan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)