Steatsboskbehear set útein mei ekskurzjes nei Rottumereach

29 feb 2016 - 14:18
  • Rottumereach

Steatsboskbehear organisearret fan it simmer en yn de hjerst publyksekskurzjes nei Rottumereach. Normaliter kin je dêr net samar komme. De fartocht nei it ûnbewenne eilân allinne al duorret wol trije oeren. Flakby Rottumereach geane minsken fan board en kuierje se oer it waad nei it eilân.

Under lieding fan in boskwachter wurdt dêrnei in tocht oer Rottumereach makke en wurdt fan alles ferteld oer de skiednis, it behear en de planten en de bisten. Der binne meielkoar 23 fan sokke ekspedysjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)