Steatsboskbehear set boskdates op foar singles

09 apr 2016 - 08:08

Steatsboskbehear wol minsken oan in relaasje helpe. De organisaasje organisearret de kommende wiken meardere boskkuiers foar singles. It giet om in gearwurking tusken Steatsboskbehear en datingsite Relatieplanet. Kuierjen liket foar in soad minsken de ideale date te wêzen. Sa sizze de inisjatyfnimmers. At der in stilte falt fielt dat net sa frjemd as oars, om't je dan om je hinne sjen kinne nei de natuer. De earste singleskuier yn it Noarden is takom wike yn it Drents Friese Wold.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)