Steatsboskbehear liedt sels boskwachters op

14 maaie 2015 - 17:56
  • Bosk Skylge

Steatsboskbehear op Skylge wol sels boskwachters opliede. Der is benammen yn it heechseizoen en by eveneminten grut ferlet fan ekstra meiwurkers. De boskwachters op Skylge ûntwikkelje de oplieding ta assistint sels. De doelstelling is om in groep eilanners in oplieding te jaan. Foar it projekt is subsydzje oanfrege by de provinsje.

As de provinsje posityf is, dan ferwachtet Steatsboskbehear op Skylge dat se nei de simmer los kinne mei de oplieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)