Steatsboskbehear fynt ôffaldumpings op goed 60 plakken

21 mrt 2016 - 11:08

Der wurdt noch altiten op in soad plakken yn de natuer smoargens dumpt, mar de oantallen wurde wol in bytsje minder. Dat seit Steatsboskbehear. Dat hat freed mei in pear oare organisaasjes de jierlikse hanthaveningsdei hân yn it bûtengebiet fan Súdeast-Fryslân, Grinslân en Drinte.

Opspoaringsamtners hawwe yn kaart brocht wêr't oeral samar smoargens delsmiten is en wat der krekt dumpt wurdt. Mei elkoar giet it om sa'n sechstich plakken. Meast opfallende fynsten wiene 25 stekken en in flinke steapel autobannen.

Mar de amtners fûnen ek resten fan himpplantaazjes, in hiel soad túnôffal en in folle karre dong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)