Steaten wolle Fries Museum gjin ekstra jild jaan

24 feb 2016 - 14:58
  • It Fries Museum

It Fries Museum hoecht net te rekkenjen op ekstra jild fan de provinsje. Der is op oantrúnjen fan Provinsjale Steaten besjoen oft it museum mei de besteande subsydzje ta kin om de ambysje fan 100.000 besikers yn it jier te heljen. Neffens de ûndersiker is dat net genôch. Deputearre Steaten en in mearderheid yn Provinsjale Steaten is it dêr lykwols net mei iens, is dúdlik wurden yn de steategearkomste.

It Fries Museum krijt 2,75 miljoen euro. Dat bliuwt ek sa. PvdA, D66, GrienLinks, ChristenUnie en Partij voor de Dieren binne foar mear jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)