Steaten wol ûndersyk nei skjinner meitsjen fan de REC

24 feb 2016 - 21:01

Nei it skjinner meitsjen fan de REC yn Harns komt in ûndersyk. In moasje dêroer is woansdeitejûn yn Ljouwert oannaam yn de Steaten. Op inisjatyf fan GrienLinks wie der in debat oer de ôffaloven.

Deputearre Michiel Schrier joech oan dat er net alles dêr't om frege wurdt útfiere kin, omdat hy yn guon gefallen it foech dêrfoar net hat. Dêrom besiket hy ien en oar ek yn oerlis te regeljen. Hy wol om tafel mei sawol de begeliedingskommisje fan de REC, eigener Omrin en de gemeente.

In mearderheid yn de Steaten hat de deputearre ek frege syn bêst te dwaan foar in hegere skoarstien. Ek moat hy der alles oan dwaan om der foar te soargjen dat hieltyd bemeunstere wurdt wat út de piip fan de REC komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)