Steaten wize IPO-akkoart ôf

06 feb 2013 - 15:00
  • De Fryske steaten

Provinsjale steaten fan Fryslân hawwe it finansjele akkoart dat it Ynter Provinsjaal Oerlis, it IPO, mei it Ryk sletten hat, ôfwiisd. Dêrmei geane de steaten tsjin it ûnderhannelingssakkoart tusken provinsjebestjoeren en it Ryk yn. De partijen yn de steaten fine dat de selsstannigens yn de knipe komt as it Ryk wat te sizzen krijt oer it Fryske jild. Lanlik hawwe no fiif provinsjes har tsjin it finansjele akkoart útsprutsen. Yn it akkoart meie provinsjes jierliks fan it Ryk net mear útjaan as wat der datselde jier ynkomt.

Dêrmei soe yn Fryslân bygelyks it NUON-sparjild 'op slot' komme te stean. De steaten fine lykwols dat it jild krekt yn dizze drege tiden útjûn wurde moat. Dat it eigen jild ek ferplichte by it Ryk sparre wurde moat, kostet Fryslân 8 miljoen euro oan rinte. De provinsje wol fia de Twadde Keamer besykje it finansjeel akkoart oanpasse te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)