Steaten ûniens mei grûnrapport

01 okt 2012 - 22:32

In mearderheid yn de steaten kin him net fine yn de konklúzjes fan it Rekkenkeamerrapport oer de grûnoankeapen by projekten fan de provinsje. De stratezjy wie miskien net goed, mar it belied om grûn te keapjen en wat te dwaan oan de ûntwikkeling fan it gebiet deromhinne hat net ferkeard west, sa fine guon steateleden.

Moandei presintearre de Noardlike Rekkenkeamer in ûndersyk nei de grûnoankeapen fan de provinsje tusken 2007 en 2010. Bliken die dat de provinsje te folle grûn kocht hat foar in te hege priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)