Steaten tsjin sluting finzenis

19 des 2012 - 20:17

De Fryske provinsjale steaten roppe yn in moasje steatssiktaris Teeven fan feilichheid en justysje op om gjin finzenissen te sluten yn Noard-Nederlân. It plan fan Teeven is om gefangenissen te konsintrearjen yn de Rânestêd en dus in oantal yn it Noarden te sluten, bygelyks Feanhuzen. De Fryske polityk wiist derop dat de wurkleazens yn it Noarden grutter is as yn de rest fan Nederlân en dat der 1250 minsken wurkje by de finzenissen.

De moasje is ûndertekene troch alle Fryske fraksjefoarsitters en wurdt nei Teeven stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)