Steaten stypje moasje oer selsstannich Omrop Fryslân

23 sep 2015 - 14:41

Foar in selsstannich Omrop Fryslân komt dochs in steatebrede moasje. Provinsjale Steaten joegen deputearre Sietske Poepjes de opdracht om der yn ûnderhannelings mei steatssiktaris Sander Dekker foar te soargjen dat Omrop Fryslân in selsstannige organisaasje bliuwt mei in 'brede en alsidige' programmearring yn it Frysk.

PvdA en D66 stipen dy moasje earst net, se fûnen de moasje te slap en te frijbliuwend. Nei't de tekst fan de moasje oanskerpe waard, wiene alle partijen it oer dit útgongspunt iens.

Yn de moasje stiet net hoefolle oft de provinsje sels bydrage kin oan in selsstannich Omrop Fryslân. Neffens deputearre Sietske Poepjes fan kultuer soe dat net goed wêze foar de Fryske ûnderhannelingsposysje.

Poepjes sei der by dat se Omrop Fryslân net allinnich rêde kin. Sy wol graach dat de Friezen dy't yn aksje kaam binne foar de omrop dy aksjes de kommende tiid útwreidzje rjochting Den Haach. As Friezen der yn slagje om polityk Den Haach dúdlik te meitsjen hoe wichtich sy it Frysk en Omrop Fryslân fine, dan wurdt it foar Poepjes makliker om ôfspraken te meitsjen mei steatssiktaris Dekker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)