Steaten prate oer Vattenfall

03 jun 2009 - 19:09

As it Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall de NUON-oandielen fan de provinsje Fryslân oernimt, moat dat bedriuw de nije haadsponsor fan de sinneboatrace wurde. Dat fynt it CDA yn Provinsjale Steaten.

Provinsjale Steaten praat woansdei yn in kommisjegearkomste oer de ferkeap. In mearderheid fan de partijen liket foar te wêzen. Dat soe de provinsje 1,2 miljard euro opsmite. It definitive beslút wurdt letter naam troch de folsleine steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)