Steaten prate oer takomst omrop en flechtlingen

23 sep 2015 - 09:59
  • De steateseal

Provinsjale Steaten prate woansdei oer ferskate belangrike ûnderwerpen. Sa wurdt der praat oer de takomst fan Omrop Fryslân, no't de regionale omrop har selsstannichheid driget kwyt te reitsjen. Dêrneist stiet ek de flechtlingeproblematyk op de aginda. De provinsje moat der op tasjen oft gemeenten harren plicht neikomme foar de opfang fan flechtlingen.

Ferslachjouwer Onno Falkena folget de gearkomste de hiele dei en docht ferslach op Twitter. Ek is de gearkomste live te folgjen fia in livestream. It begjint om 10.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)