Steaten prate oer ôffaloven

18 maaie 2011 - 15:37

De steaten prate woansdei oer de problemen mei de ôffaloven fan Omrin yn Harns. Lêsten kamen der by in steuring stoffen frij. Dat hat foar opskuor soarge. Yn de ekstra gearkomste wurdt praat oer de rol fan de provinsje.

Deputearre Sjoerd Galema jout in taljochting op de problemen. De provinsje is ferantwurdlik foar it jaan fan de miljeufergunning en it tafersjoch. By trije opposysjepartijen binne in soad fragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)