Steaten prate oer ôffaloven

12 maaie 2011 - 16:08

De steaten prate takom wike op in ekstra kommisjegearkomste oer de ôffaloven fan Omrin yn Harns. It inisjatyf komt fan deputearre Galema. Hy wol útlis jaan oer de rol fan de provinsje dy't tafersjoch hâlde moat.

GrienLinks hie der by de deputearre op oantrune om ynformearre te wurden oer de situaasje by de ôffaloven. Der wie in soad ûndúdlikens en ûngerêstens op de ekstra riedsgearkomst fan de gemeente Harns oer de oven. De gearkomste wie woansdeitejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)