Steaten prate oer begrutting

13 okt 2010 - 12:33

Provinsjale Steaten prate woansdei oer de begrutting foar takom jier. De provinsje moat 22 miljoen besunigje, om't se minder jild krije fan it Ryk.

Deputearre Steaten hat besletten alle tydlike subsydzjes stop te setten en ek yn de eigen organisaasje te snijen. Dêrtroch soene sa'n 80 minsken dien krije. Organisaasjes lykas Afûk, it Fryske Gea, Fryslân Marketing en Omrop Fryslân krije minder jild. Belanghawwenden kinne har miening jaan. Yn novimber falt it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)