Steaten letter fanwege Ybema

17 feb 2012 - 13:53

De gearkomste fan provinsjale steaten begjint kommende woansdei net om tsien oere, mar om twa oere. Dat is fanwege de útfeart fan âld-steatssiktaris Gerrit Ybema.

Leden fan deputearre en provinsjale steaten ha sa de gelegenheid dêr hinne te gean, as se dat wolle. Gerrit Ybema ferstoar woansdei neidat er in skoft siik west hie. De útfeart is woansdei yn de Martinitsjerke yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)