Steaten kieze foar wynmûnen by de Ofslútdyk

17 des 2014 - 19:42

Provinsjale steaten hat woansdei definityf keazen foar wynmûnen by de Ofslútdyk yn de Iselmar. It giet dan yn totaal om 316 megawatt oan wynenerzjy dat yn de mar komme moat. It CDA en PvdA hiene in amendemint yntsjinne foar it plan. Dit waard úteinlik stipe troch de FNP, dy't eins mear yn de mar hawwe woe. De mooglikheid om wynmûnen yn in line op te stellen by de Ofslútdyk del, moat noch ûndersocht wurde.

Fanút Den Haach liket der op dit stuit gjin foarkar foar dizze opsje te wêzen.

Provinsjale steaten moast foar 1 jannewaris in beslút nimme, oars gie de sizzenskip oer de lokaasje foar de mûnen werom nei Den Haach.

Mocht de opsje by de Ofslútdyk gjin realistysk plan wêze, dan is it oan minister Kamp om te sizzen wêr't de mûnen komme. Mocht it safier komme, dan sizze de PvdA en de FNP dat se in foarkar hawwe foar it útfieren fan de plannen fan Wynpark Fryslân. It CDA is hjir perfoarst op tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)