Steaten: hobbel yn Sintrale As

21 aug 2012 - 21:44
  • Website decentraleas.nl

De koälysjepartijen yn provinsjale steaten lizze net wekker fan de útspraak fan de Kroan dat de provinsje grutte flaters makke hat yn de ûnteigeningsprosedueres foar de Sintrale As. It CDA en de PvdA tinke dat der net folle fertraging optrede sil, sy neame de flaters in 'hobbel' dy't nommen wurde moat.

GrienLinks is skokt troch it nijs dat de provinsje sokke grutte flaters makke hat. De provinsje wie yn 350 gefallen fierstente betiid begûn en ek faak te let mei it oanbod fan kompensaasje.

De provinsje hat sein dat se net earder as begjin septimber mei in reaksje komme sil op it rapport fan de Kroan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)