Steaten fergaderje op sneon

06 nov 2009 - 09:55

De steategearkomste dy't woansdei ôfbrutsen waard yn ferbân mei de 'dei fan it gewaaks' sil sneon ôfmakke wurde. Foar safier bekend is soks net earder foarkaam.

Ofrûne woansdei rûn de fergadering út. Dat kaam ûnder oare troch de behanneling fan 'e begrutting. Op de aginda stean noch trije punten. Der wurdt dan praat oer it wetter yn de provinsje en oer de strategy foar om de titel kulturele haadstêd fan Europa yn 2018 binnen te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)