Steaten bliuwe tsjin gaswinning

02 feb 2006 - 09:50

In mearderheid fan Provinsjale Steaten bliuwt tsjin de winning fan gas út de Waadsee. Dat die woansdei bliken yn de moanlikse gearkomste yn it provinsjehûs yn Ljouwert. De steateleden hawwe deputearre Piet Bijman nochris de opdracht jûn om har beswieren tsjin de gaswinning by it kabinet oan te jaan.

De PvdA hie in moasje yntsjinne tsjin de gaswinning. It slagge deputearre Bijman om de moasje fan tafel te krijen yn ruil foar syn ynset yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)