Steaten: besunigje op Omrop

22 sep 2010 - 12:05

As de Fryske polityk akkoart giet mei de besunigings dy't deputearre steaten oan Omrop Fryslân oplizze wolle, dan reitsje tsientallen meiwurkers by de Omrop har baan kwyt. Dat seit direkteur Jan Koster.

De Omrop wie sels al yntern dwaande mei besunigings, mar de provinsje wol de kommende twa jier 1,1 miljoen euro minder oan de Omrop jaan. Seis ton ferdwynt al yn 2011, nochris 5 ton yn it jier dêrnei. De steaten beslute dêr yn novimber oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)