Steaten akkoart mei Sintrale As

13 des 2006 - 21:23

De Steaten hawwe woansdei mei grutte mearderheid ynstimd mei de plannen foar de oanlis fan de Sintrale As. De oanlis fan de dyk fan Dokkum nei Nijegea kostet goed 235 miljoen euro. De dyk moat yn 2015 klear wêze.

Der is in soad wjerstân tsjin de nije dyk.De Sintrale As rint foar in part troch it nasjonale lânskip en snijt troch natoergebieten hinne. Tsjinstanners jouwe de striid net op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)