Steatelist PVV bekendmakke

04 jan 2011 - 19:35
  • Wilders by in ferkiezingsbesite yn Ljouwert

Op in geheime lokaasje sil Geert Wilders takom wike freed de kandidaten foar de provinsjale steateferkiezings bekend meitsje. Yn ferbân mei de feilichheid bart dit op in geheim plak earne yn Fryslân.

De takomstige steateleden fan de Partij voor de Vrijheid (PVV) yn Fryslân wurde dan presentearre oan de parse. Allinnich de parse is wolkom op de byienkomst. It is noch net bekend wa't op de list steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)