Steateleden ynstallearre

10 mrt 2011 - 13:49
  • De nije leden fan Provinsjale Steaten (foto: Dirk Jan Haarsma)

Op it provinsjehûs yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn de leden fan Provinsjale Steaten ynstallearre. It giet om de 43 minsken dy't ferline wike by de ferkiezings yn de Provinsjale Steaten keazen binne. Sy moasten de eed of belofte ôflizze. Fierder joegen de fraksjefoarsitters harren fyzje op de ferkiezingsútslach.

Tongersdeitemiddei is âld-boargemaster fan Ljouwert Margreeth de Boer úteinset mei har wurk om in nije koalysje te foarmjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)