Steateleden nei Den Haach

17 sep 2008 - 21:51

De Steatekommisje Frysk sil op 1 oktober nei Den_Haach om te praten mei ferskate Twadde-Keamerleden. Der wurdt op it stuit praat oer fernijing fan ´e grûnwet en ien fan de ûnderwerpen is de taal. It Nederlânsk wurdt dan mooglik opnaam yn de grûnwet. De Fryske steateleden wolle de keamerleden derfan oertsjûgje dat de twadde rykstaal Frysk der dan ek yn komme moat.

Se moatte der rap by wêze, want de diskusje giet al ynkoarten los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)