Steatejachtrûnfeart foar Marit

10 aug 2012 - 13:37

Sulveren medaljewinneres op de Olympyske Spelen Marit Bouwmeester wurdt nije wike sneontejûn huldige yn har doarp Warten. Doarpsbelang Warten hat yn gearwurking mei in tal oare organisaasjes út it doarp it inisjatyf naam foar it feest. It gemeentebestjoer fan Boarnsterhim slút him hjirby oan.

Bouwmeester krijt earst in rûnfeart troch it doarp op it steatejacht fan de provinsje Fryslân. Dêrnei is it offisjele part fan de huldiging yn de feesttinte op it Stoombootshaad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)