Steatefraksjes wolle mear jild

04 apr 2001 - 00:00

De provinsjale fraksjefergoedings moatte mei 25.000 gûne de fraksje omheech plus 2500 gûne it fraksjelid. Meielkoar komt dat del op goed 3,5 ton. Dat wolle de fraksjefoarsitters fan Provinsjale Steaten.

Yn oare provinsjes lizze de fraksjefergoedings ek heger. De ferheging is nedich foar stypjende wurksumheden oan de fraksjes. DS beslute oer de fergoedings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)