Steatebesite oan Brussel giet om praktyske redenen oer

24 nov 2015 - 14:34

Dat leden fan provinsjale steaten begjin desimber net nei Brussel gean op wurkbesite, hat benammen praktyske redenen. Sa soe der sealromte regele wurde moatte op plakken dy't no net tagonklik binne, fanwege de terreurdriging. Ek soene der hotelreservearringen dien wurde moatte, wylst op it stuit ûndúdlik is oft de terreurdriging oer twa wiken wol oer is of net. Moandei is besletten dat de wurkbesite oer giet. It is de bedoeling om begjin takom jier wol nei Brussel te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)