Steat sil Connexxion ferkeapje

24 maaie 2006 - 23:09

Minister Zalm fan Finânsjes set útein mei de ferkeap fan Connexxion. Zalm hat dit yn in brief oan de Twadde Keamer witte litten. De Steat is no noch foar 100 prosint eigner fan it busbedriuw. Connexxion sil yn Fryslân de kommende seis jier it busferfier fersoargje yn it noarden en súdwesten.

Arriva docht dat wurk no noch en is lulk. Arriva soe ek ien fan de gadingmakkers wêze foar it oernimmen fan Connexxion fan de Steat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)