Steantribune Abe Lenstrastadion krijt flinke útwreiding

17 des 2015 - 12:06
  • De tribune yn it Abe Lenstrastadion

It tal steanplakken op de noardtribune yn it Abe Lenstrastadion wurdt útwreide. No binne dat der noch sa'n 1200 plakken, mar dat oantal wurdt útwreide nei likernôch 1800.

De steanplakken wiene oant no ta allegear yn de twadde ring fan it stadion, no komme der ek steanplakken op de earste ring, flak efter it doel. Dat wie al langer in winsk fan de meast fanatike Hearrenfean-supporters.

Ien en oar hat gefolgen foar de supporters dy't dêr no in fêst sitplak hawwe. Sy moatte nei in oar plak ferhúzje. Dy supporters binne yntusken mei in brief op de hichte brocht. De ferbouwing moat oan it begjin fan it nije seisoen klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)