Steankaravans Boomhiemke kinne bliuwe oant 2017

29 apr 2015 - 14:08
  • Steancaravan op It Amelân

De steankaravans op camping Boomhiemke op It Amelân kinne foarearst oant 2017 stean bliuwe. Dat hat de direksje fan eigener Roompot Rekreaasje Behear besletten op oantrunen fan de gemeente Amelân. Roompot woe dit jier op it plak fan de steankaravans nije lodges en sjalets foar de ferhier delsette. De eigeners fan de karavans binne dêr poer op tsjin. Guon steane al mear as 40 jier op de camping en hiene de gemeente frege om te bemiddeljen.

Dy hat no mei Roompot ôfpraat dat de oanpak fan de camping yn fazen plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)