Stean yn Abe Lenstrastadion?

10 jul 2003 - 00:00

Fuotbalklub Feyenoord easket de tasizzing fan SC Heerenveen dat se mei 800 supporters nei it Abe Lenstra- stadion komme kinne. De Feansters wolle dy garânsje net jaan om't it besikers- fak mar plak hat foar 600 man. As de stuoltsjes fuorthelle wurde, kinne der wol 800 man yn, mar dy moatte dan stean.

Hearrenfean is lykwols net hastich mei it fuortheljen fan de stuoltsjes. It liket derop dat de Feyenoorders it mei 600 kaarten dwaan moatte op 23 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)