Stazjêre stelt jild út tehûs

03 des 2009 - 09:50

In 18-jierrige frou út Ljouwert hat yn in fersoaringstehûs yn de stêd njoggentjin kear jild stellen út de keamers fan bewenners. De frou rûn staazje yn it tehûs. Acht bewenners hawwe de ôfrûne tiid oanjefte dien by de plysje.

De lieding fan it fersoargingstehûs hat dêrop in bewakingskamera ophongen yn ien fan de keamers. De kamerabylden lieten sjen dat de fertochte jild út in tas helle. De frou joech it jild út oan lúkse artikelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)