Staveringsstriid noch net oer

06 maaie 2014 - 14:21

De striid oer de oanpassing fan de Fryske stavering is noch net oer. De spesjale wurkgroep dy't ferline jier ynsteld waard is útpraten sûnder dat de wurdboekmakkers fan de Fryske Akademy èn kritisy fan it foarstel foar in nije stavering it iens waarden. De Fryske Akademy kaam ferline jier mei in foarstel om mear ienheid oan te bringen yn de skriuwwize fan Fryske wurden.

Dit fanwege de produksje fan it earste Griene Boekje foar it Frysk. Der bestiet no noch frijwat fariaasje yn it skreaune Frysk; njonken 'witte' wurdt ek 'wite' skreaun.

De Akademy wol mear ienheid en tenei fan fierwei de measte wurden noch mar ien skriuwwize opnimme yn de Fryske wurdlist. Op dat foarstel kaam in soad krityk. Kritisy pleitsje foar mear frijheid. Minsken moatte de romte hâlde om har eigen fariant te skriuwen, fine taalkundigen lykas Pieter Breuker en Henk Wolf fan de NHL.

Under lieding fan de neutrale Stellingwerver foarsitter Henk Bloemhoff hawwe foar- en tsjinstanners sa'n fiif kear oerlis hân, mar dat hat net laat ta oerienstemming. It foarstel fan de Fryske Akademy èn alle krityk dêrop leit no by de provinsje. Amtners op it provinsjehûs wurkje no oan in nij foarstel. Dat giet nei alle gedachten pas oan de ein fan dit jier nei provinsjale steaten.

De Fryske Akademy woe tiisdei net reagearje op dit ferhaal, omdat dat net 'yn de proseduere' foar de nije stavering passe soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)