'Status aparte' foar Omrop

17 jun 2011 - 22:27

Der moat in 'status aparte' komme foar Omrop Fryslân. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries fan de provinsje Fryslân. Freed waard dúdlik dat minister Van Bijsterveldt wol dat de regionale omroppen net selsstannich fierder gean. Dêrtroch soene ûnder oaren de programma's fan de Omrop inkeld noch mar op Nederlân 3 te sjen wêze.

Fanwege de Fryske taal en kultuer moat de Omrop neffens De Vries in útsûnderingsposysje hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)