Stasjonsgebou Westerein plat

12 des 2002 - 00:00

It stasjongebou fan de Westerein wurdt takom jier sloopt. Troch de aksje fan doarpsbelang fan de wike hat de NS tasein it gebou ôf te brekken. Op it plak komt in nije wachtromte.

It stasjongebou út 1955 waard tsien jier lyn foar it lêst brûkt. Dêrnei is it tichtspikere. De bewenners hienen skjin har nocht fan it gebou. It seach der net út en it lokke fernielerij en fandalisme út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)