Stasjonsbefeiliging fallyt

02 apr 2003 - 00:00

Ferfiersbedriuw NoordNed is op syk nei in befeiligingsbedriuw. Der moat yn treinen en op stasjons surveillearre wurde. It bedriuw Reflexa út Snits dat dat die, is no fallyt.

Sawol reizgers as meiwurkers wurdearren de surveillances bot. Alles meiïnoar wiene der sechtich minsken fan Reflexa aktyf op de perrons, en dat sân dagen yn 'e wike en fjouwerentweintich oeren deis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)