Stasjongebiet Bûtenpost yn tel

08 jan 2008 - 10:16

Undernimmers hawwe in soad ynteresse foar it stasjonsgebiet yn Bûtenpost. De gemeente Achtkarspelen wol dêr kantoaren delsette en bettere parkearmooglikheden meitsje. Ferskate kearen hat Achtkarspelen besite krigen fan ûndernimmers dy't dêr belangstelling foar hawwe.

De plannen foar it gebiet binne diel fan in grutter plan foar Bûtenpost. Sa moat der in súdeastlike rûnwei komme en wurdt it winkelsintrum útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)