Stasjon Ljouwert hat lift

25 jun 2013 - 21:15
  • It stasjon hat krekt in nije lift krige

Nei 150 jier hat it Ljouwerter stasjon lang om let in lift. Dat is foar minsken dy't oan de súdkant fan it treinstasjon wenje in útkomst as se mei rollator of fyts nei de trein moatte. Oant no ta moasten se mei treppen ûnder it spoar troch.

De lift is yn gebrûk naam troch de famylje Dykstra. Roelf Dykstra is 92 jier en reizget faak mei de trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)